Boekema, Jitse Ras
VaderBoekema, Jan
MoederRas, Aukje
  
Broer Date
Zus Geertje
Zus Froukje
Broer Boeke
Kinderen: (4) Jantje (Jannie) (6)
Jan (5)
Lolke (1)
Aukje (2)
Notities:
-PersoonJitse is de enige in het gezin die als tweede voornaam de achternaam van zijn moeder heeft.

Jitse bringt yn syn jonge jierren in protte tiid troch by Jabik van Gans en Jan Walstra. Sneintemiddeis geane de âlders fan Jitse nei tsjerke. Jitse giet ûnderwilens nei buorman Jan Walstra, dy’t mei him troch it appelhôf en it lân kuieret. Jitse fynt dat hy gauris pleage wurdt troch de arbeiders. Hy fynt it lykwols in hiel moaie tiid. Efter hûs stiet in hok foar hûndert hinnen. Yn de oarloch is der ek in ‘stille’ baarch. Om it lûd te dôvjen binne der striepakken tsjin de kant set. Efter hûs is in grutte tún mei tusearte foar de feiling. Heit is lange dagen fuort nei it wurk. Yn it efterhûs is de baalderturf opsteapele en hat heit in wurkbank. Hjir helpt Jitse yn de oarloch mei om raapsied te mealen ta lampe-oalje. Jitse rint deis in hiel ein nei skoalle oan de oare kant fan De Wylp. Moarns giet hy oer de izeren draai by Marinus en dan lofts oer it paad by de wyk del. By Huitema hellet hy twa famkes oan en stekt de draai oer by Zwaanstra. Werom nei hûs giet Jitse gauris skean troch it lân by Kees Jansma op hûs oan. Jitse wit noch dat der yn ‘e oarloch in bom falt yn it Hearsterfjild. Dit jout sa’n klap dat in soad glêzen yn ‘e omkriten ferbrizelje. Op in oare rare dei sjitte de Dútsers in Ingelske fleanmasine del. De piloat komt mei in parasjute del yn it lân. Jûns wurdt de piloat yn in bakkerskoer nei Fryske Peallen brocht. By Oebele Heijs wurdt in ûnderdûker oppakt. Jitse hat in kear mei syn broer Date en Roelf van Valen turf út Terwispel helle. It heucht him dat Roelf mei de holle op it tiksel fan de wein falt. Hy is hielendal fan de kaart en moat nei it sikehûs. Jitze wurket letter as timmerman foardat hy in keallemesterij opset oan it Langpaed.
Referentie1019920081
Datumw 07-02-2016